Ferbylding yn tsjinspoed

Boekepresintaasje

Op woansdei 21 desimber presintearret de nije útjouwerij Grotesk yn Tresoar syn trije earste titels.

 

Aggie van der Meer

Ho Wu en Misty Mac
In searje neo-eksistinsjalistyske koarte ferhalen oer twa ûndernimmers dy’t op har eigen manier besykje om te gean mei ús aktuele wrâld en syn abstrakte machtsferhâldingen en firtuele hannel en syn min te rymjen easken oan selspromoasje, trou en leafde.

Abe de Vries

Marten Hepkes Bakker: Dan krije ek de fûgels dien - Gedichten
In samling gedichten fan de njoggentjinde-iuwske Marten Hepkes Bakker (1848-1927),  dy’t folslein útsletten is fan de Fryske kanon, nettsjinsteande syn moderne oergong fan idealisearre tematyk nei de naturalistyske, sosjaalkrityske posysje, en syn kombinearjen fan de ynderlike en de bûtenwrâld yn natuerlike, floeiende taal.

 

Friduwih Riemersma

Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 - en oare essees
In bondel krityske kultueranalyses, fan it saneamde ‘Heareakkoart’ yn 1989 ôf oan de Kulturele Haadstêd ta. De essees wize de globalisearring as force majeure fan kultuerferflakking ôf, sadat in bûnt ferskaat fan ûnfertúnlike setten it ljocht sjocht.

 

Programma

Aggie van der Meer en Abe de Vries sille foarlêze út har nije publikaasjes.

In sprekker (de namme is der noch net) sil sprekke oer it tema fan keunst yn it neoliberalistysk tiidrek, ‘Ferbylding yn tsjinspoed’.

No’t de merkmentaliteit en -etyk alle aspekten fan de maatskippij yn ’e skjirre krije en sosjale ynstituten en publike sfear besnoeid wurde, ferdwynt ek de frije, demokratyske ekspresje hieltyd mear. Keunst wie hast oan de jierren tachtich ta in foarm fan frije dialooch, it socht wierheid en in ideaal. Mar yn de synyske keunstwrâld fan hjoed ferwikselet de keunstner gauris syn ideaal foar oantreklike oerflakkichheid. It hyperyndividualisme hat makke dat de keunstner syn frustraasje oer de kapitalistyske struktuer sjocht as persoanlik falen. Sosjale en artistike krityk binne ferfongen troch fatalistyske selfies. It publyk is sljocht op klinkende titels en heroyske one-liners, mar lêst gjin boek. De fraach is hoe’t jo de literêre keunstner en de keunstsinnige literatuer noch ûnderstypje kinne.

Mear oer útjouwerij Grotesk

Tydstip: Woansdei 21 desimber, 19:30 oere
Plak: Tresoar, Ljouwert


[09.12.2016]