Yn de Frysk-literêre wrâld besteane acht wichtige literêre prizen. It is fan belang dêrby ûnderskied te meitsjen tusken prizen dy't (lang) nei publikaasje takend wurde, en prizen dy't wûn wurde by priisfragen dêr't wurk spesjaal foar ynstjoerd wurdt.
Hjirûnder in oersjoch fan de prizen mei earste jier fan útrikking. Efter de link mear detailynformaasje en in oersjoch fan de priiswinners.

Lês mear...

Oersjoch literêre prizen

Op 22 septimber 1955 waard yn it gemeentehûs fan Mantgum foar de earste kear in Rely Jorritsmapriis útrikt. Njoggen Fryske skriuwers en dichters waarden bekroand. Dat wie it begjin fan in rike tradysje dy’t oant hjoeddedei trochrint.
De priis is ynsteld troch Rely Jorritsma (1905-1952), in boeresoan út Jellum. Yn syn testamint hie er fêstlizze litten, dat der in fûns stifte wurde soe om syn neilittenskip te behearen.

Lês mear...

De Rink van der Veldepriis is yn 2003 ynsteld troch it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Smellingerlân, yn oparbeidzjen mei útjouwerij Friese Pers Boekerij bv.
De twajierlikse priis is ornearre foar it bêste literêre wurk yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy't yn Fryslân brûkt wurde.

Lês mear...