Op dit plak ferskynt foar de simmer it kursusoanbod fan Tresoar foar it seizoen 2017-2018.

Yn de maitiid fan 2017 is it noch mooglik yn te tekenjen op de kursus 'Libbensferhaal' fan Marga Claus.


Proaza – libbensferhaal
Guon fan Marga Claus har romans binne yn feite libbensferhalen-mei-in-bewyske-fiksje. It ûnderwerp ‘Libbensferhalen’ is har ding en sa jout se dêr al in oantal jierren mei sukses kursussen oer. Dit kursusjier trije kear: De earste kursus begjint yn septimber 2016, de twadde yn jannewaris 2017, de tredde yn maart 2017.

Telefoanyske ynformaasje
Mear witte? Jo kinne altyd kontakt op nimme mei kontaktpersoanen Petra Bierma, Marja de Graaf of Teake Oppewal. Skilje mei tillefoannûmer resp. 058 – 789 0 740, 058 – 789 0 792 of 058 – 789 0 789, of stjoer in e-mail nei This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it. 

Ast mei dyn libbensferhaal oan de slach silst, of it libbensferhaal fan in oar fêstlizze wolst, learst dat it bêst en it gaust yn in groep. Ommers: by it útwurkjen fan de tema’s bringst elkoar op ideeën. Boppedat krigest net allinnich feedback op it eigen ferhaal te hearren, mar ek op dat fan de oare dielnimmers.
Yn de kursus aktivearje wy mei bepaalde oefeningen iere oantinkens. Thús wurkje de dielnimmers oan de opdracht, wêrnei’t de resultaten yn de les foarlêzen en besprutsen wurde. Dat liedt ta weardefolle petearen, mei in soad tips en trúks, en opbouwend kommentaar. Al nei in pear lessen silst fernimme dat de kwaliteit fan de teksten tanimt.
De kursus bestiet út acht byienkomsten, en is meastentiids in mjuks fan begjinners en trochsetters. Begjinners kinne nei acht wike eventueel meidwaan oan it folgjende blok.

Lês mear...