Fotoportret Gysbert Japicxpriiswinner Koos Tiemersma troch Tryntsje Nauta
Hjoed is yn Tresoar it portret presintearre dat fotograaf Tryntsje Nauta makke hat fan Koos Tiemersma. Dy krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Einum.
Sjoch ek in earder berjocht.
Yn syn ynliedend ferhaal fergelike Han Steenbruggen de fotografy mei de skilderkeunst. ‘Misschien is de fotografie wel meer dan de schilderkunst de artistieke taal van deze tijd’, sei er. Mar krekt as by de skilderkeunst kinne je keunstfotografen derút oan har markante komposysje. ‘Ook met fotografie kun je een nieuwe waarheid formuleren met artistieke betekenis’.
Tryntsje Nauta hat al in hiel oeuvre opboud, it portret fan Koos Tiemersma is in moai nij elemint dêryn. De fotografe fertelde dat se de foto makke hie mei in analoge kamera. ‘Elke klik is 2 euro, dan drukke je net samar ôf. It brûken fan analoge technyk ferheget de konsintraasje.’
Koos Tiemersma joech yn syn praatsje oan hoe’t it proses ferrûn wie. Hy liet in oantal foto’s sjen fan de masinefabryk Sluis yn Drachten, dêr’t de fotosessys plakfûn hiene. Keunstner Jan Ketelaar is dêr ek oan it wurk. Tiemersma hie in foto makke fan Tryntsje Nauta oan it wurk en dy ynliste. Dy bea er har oan as portret. It portret d6er’t it allegear om begûn wie stiet hjirboppe.
Website fan Tryntsje Nauta.
Website fan Koos Tiemersma.
Hjirûnder: Tryntsje Nauta oan it wurk (foto makke troch it objekt fan har wurk)