Yn april 2017 ferskynt by útjouwerij De Bezige Bij in twatalige sammelbondel mei alle oarspronklike poëzij fan Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) mei as titel Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten.

Nijste bondel

De sammelbondel omfiemet in dichterlik oeuvre fan 44 jier. Dêrby is ek Hettinga syn nijste dichtbondel De ring fan Gyges, dy’t er sels noch gearstalde; syn bern fûnen nei syn dea de tekst op Hettinga syn kompjûter. Dizze achtste bondel bestiet foar de helte út ûnbekend wurk, foar it neist út de lêste libbensjierren fan de dichter. It binne kleurrike, byldzjende en bytiden hallusinearjende fersen oer leafdeskoarts en winterdea. Mar de dichter hat ek bekende gedichten yn syn nijste bondel opnommenm, lykas ‘Lytse jonge / ‘Kleine jongen’, it fers dêr’t er in protte sukses mei hie by syn optreden op Poetry International yn 2001 – it wie skreaun foar Simmer 2000 en kin sjoen wurde as it meast ‘Burchwerter’ fers fan Hettinga – en ‘De mar / Het meer’, in epysk gedicht oer it lot fan de Fryske skilder-dichter Gerben Rypma. Lêzers fan Hettinga syn wurk sille opmerke dat beide gedichten in oare titel krigen ha as yn de eardere útjefte.

Nije oersettingen

Tsjêbbe Hettinga trede de lêste tweintich jier fan syn dichterlike rinbaan rûnom op, yn binnen- en bûtenlân. Mei syn markante foardracht berikte er in grut publyk fier oer alle taalgrinzen hinne. Syn trochbraak oer Ofslútdyk, Lauwers en Tsjonger wie yn 1993 by de Frankfurter Buchmesse, wêrnei’t syn wurk oerset waard in it Nederlânsk en yn oare talen. Benno Barnard sette foar de nije sammelbondel ek alle wurk út earder tiid oer yn it Nederlânsk, mei help fan Tsead Bruinja en Teake Oppewal.

Kompleet oeuvre ynsichtlik

Mei de sammelbondel kin de lêzer op tagonklike wize de ûntjouwing yn it wurk fan Hettinga folgje, te begjinnen by syn earste gedichten yn 1968 yn Jabberwocky, de skoallekrante fan de Kristlike Kweek yn Snits, oant it magistrale leafdesepos ‘Under seefûgels / Onder zeevogels’ út 1992 – en fansels al syn wurk fan dêrnei. Boppedat binne yn dizze samling ek it ferspraat publisearre wurk (almeast út Hjir yn de jierren ’70-’80) en in tal net-publisearre fersen opnommen.


Alle foardrachten

Tagelyk mei de sammele fersen komme ek de sammele foardrachten beskikber. Se binne te keap as mp3 op Luisterrijk.nl en online te beharkjen op Storytel.nl.

>> Boekhannelsbrosjuere fan De Bezige Bij maitiid 2017
side 34
side 35
Brosjuere op webside