Dizze website Sirkwy kin sjoen wurde as it firtuele Hûs fan de Fryske literatuer. Yn dat hûs binne trije soarten romten.
Dokumintaasjesintrum
Sirkwy presintearret sa goed mooglik alle ynformaasje dy’t Tresoar beskikber hat oer de Fryske literatuer. Tink mar oan biografyske ynformaasje, gegevens oer publikaasjes, argiven, audiovisueel materiaal en byldmateriaal.
Biblioteek
Sirkwy hat in ‘Digitale Biblioteek fan de Fryske Literatuer’. By de start fan Sirkwy op 9 april 2010 stiene yn de biblioteek 83 boektitels. It is de bedoeling de kolleksje starich út te wreidzjen. Dizze digitale biblioteek is ta stân brocht yn ’e mande mei de Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren, dy’t de boeken opnimt yn syn Fryske ôfdieling. Fia de digitale biblioteek kinne nije eksimplaren besteld wurde fan de boeken. Foar dit aspekt fan Sirkwy, sjoch artikel yn LC fan 26 maart 2010, Freed, side 14 en 15.
Salon
Sirkwy is in digitaal moetingsplak foar elk dy’t him ynteressearret foar de Fryske literatuer, mei in moai wurd de ‘community fan Fryske literatuerleafhawwers’. Besikers dy’t op de site omweidzje, kinne oansjen en lêze wat der yn de community omgiet. Wa’t him registrearret as brûker en ynlogget, kin as er dat wol op elk item fan Sirkwy reagearje, in wurdearring jaan (1-5 pompebledsjes) of in trefwurd (‘tag’) tafoegje oan it artikel. De trefwurden wurde sichtber makke yn de trefwurdewolk op de thússide.
Foar it omgean mei Privacy, de Húsregels fan Sirkwy en de Disclaimer, sjoch ûnder Algemiene Betingsten.