Sirkwy is de website fan Tresoar foar dokumintêre ynformaasje oer de Fryske literatuer. Jo fine der ynformaasje oer skriuwers, har wurk, wichtige saken oer literêre prizen, de nijferskynde Frysktalige titels en nijs út de literêre wrâld. Tresoar hat net de mooglikheid om in folsleine literêre aginda by te hâlden en Sirkwy is likemin it plak foar opinyfoarming, diskusje op polemyk. Dêrfoar wurdt de brûker trochferwiisd nei digitale literêre poadia fan tydskriften, priveepersoanen of facebook.
Sirkwy.nl is feroare yn sirkwy.frl
Sirkwy gie online yn april 2010 as sirkwy.nl. Mids novimber 2016 krige de redaksje fan de webbouwer en -hoster it nijs dat it cms (it behearsprogramma) fan Sirkwy mei yngong fan 2017 net langer stipe wurde soe. Dat betsjutte dat Sirkwy yn 2017 in nije opset ha moast, sawol yn it oansjen foar de brûkers as oan de ‘achterkant’. De plannen dy’t der altyd al wiene om Sirkwy by de tiid te bringen kamen sadwaande yn in streamfersnelling. Tresoar-webredakteur Inge de Vries ûntwurp in nije site op it nije adres sirkwy.frl. De opset dêrfan is ienfâldiger as de eardere site en der wurdt no in open source behearssysteem brûkt (joomla). Tresoar hâldt de site yn eigen behear.
Ferhuzing
Meiwurkers fan Tresoar hawwe de biografyske ynformaasje oer skriuwers fan de âlde site oerbrocht nei de nije: 300 Fryske, 75 Nederlânske en 2 Ingelske. Yn de rin fan 2017 folgje de 500 boekprofilen, almeast fan literêr proaza fan de 21ste iuw, en 100 oare artikels mei ferskate ynhâld, ûnder oare dokumintaasje oer de literêre prizen. Grutste tûkelteam dêrby is it fernijen fan de trochferwizingen.
Literêr nijs
De ôfdieling mei literêr nijs hat krekt as earder ek it gefal wie benammen betrekking op aktiviteiten dêr’t Tresoar op ien of oare wize mei anneks is. It stiet noch te besjen wat der fan it nijsargyf fan de âlde site oernommen wurdt op dizze site.
Digitale biblioteek
Ien fan de bysûndere ôfdielingen fan sirkwy is de digitale biblioteek mei 90 titels, opsetten yn ’e mande mei de DBNL. Yn it ramt fan it digitalisearringsprojekt fan de Provinsje Fryslân sille noch folle mear Fryske boeken digitalisearre wurde. Sjoch oer dat projekt redbot.frl.
Alde website
De âlde website wurdt opnommen yn it digitaal argyf fan Tresoar, mar is fan bûten ôf net mear te besjen. It is technysk te tiidslinend om dat yn oarder te meitsjen. In ferfelende bykomstichheid is dat links fan eksterne websites dy’t nei it âlde sirkwyadres ferwize (bg. Wikipedy, Lezen voor de lijst of Frysk literêre tydskriften) it no net mear dogge – it lot fan folle mear links op ynternet (de libbenssyklus fan in trochsneed website is 5-7 jier). Us hope is dat mei ferrin fan tiid dearinnende links ferfongen wurde troch links dy’t wol goed wurkje.
Kontakt
De redaksje fan Sirkwy is te berikken op email This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..
Redaksje Sirkwy
24 jannewaris 2017