Yn april 2017 ferskynt by útjouwerij De Bezige Bij in twatalige sammelbondel mei alle oarspronklike poëzij fan Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) mei as titel Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten.
Nijste bondel
De sammelbondel omfiemet in dichterlik oeuvre fan 44 jier. Dêrby is ek Hettinga syn nijste dichtbondel De ring fan Gyges, dy’t er sels noch gearstalde; syn bern fûnen nei syn dea de tekst op Hettinga syn kompjûter. Dizze achtste bondel bestiet foar de helte út ûnbekend wurk, foar it neist út de lêste libbensjierren fan de dichter. It binne kleurrike, byldzjende en bytiden hallusinearjende fersen oer leafdeskoarts en winterdea. Mar de dichter hat ek bekende gedichten yn syn nijste bondel opnommenm, lykas ‘Lytse jonge / ‘Kleine jongen’, it fers dêr’t er in protte sukses mei hie by syn optreden op Poetry International yn 2001 – it wie skreaun foar Simmer 2000 en kin sjoen wurde as it meast ‘Burchwerter’ fers fan Hettinga – en ‘De mar / Het meer’, in epysk gedicht oer it lot fan de Fryske skilder-dichter Gerben Rypma. Lêzers fan Hettinga syn wurk sille opmerke dat beide gedichten in oare titel krigen ha as yn de eardere útjefte.