Berne: 29-10-1899, Moarre
Ferstoarn: 13 06 1962, Dokkum
Libben en wurk
Teatske Alzum wenne har hiele libben yn Moarre, dêr’t har heit wurke as skuonmakker. Dêr hie se mei har suster Folkje, by wa’t se ek ynwenne, in winkeltsje yn harren âlderlik hûs. Folkje die de winkel, Teatske rêde mei de húshâlding. Se wie net troud. Yn it earstoan skreau se yn it Nederlânsk. Yn de oarlochsjierren folge se in kursus Frysk. Oer har skriuwerij yn it Frysk hat Teatske Alzum ris sein: Wat is it nuver dat men dêrmei pielt, netwier?