Berne: 19-01-1980, Wiuwert
Libben en wurk
Hidde Boersma is berne yn Wiuwert. Hy folge de Universiteit foar Humanistyk yn Utert en wurket as skriuwer, en pakt dêrneist alles oan wat er nedich hat om troch de tiid te kommen.
Berne: 19-01-1980, Wiuwert
Hidde Boersma is berne yn Wiuwert. Hy folge de Universiteit foar Humanistyk yn Utert en wurket as skriuwer, en pakt dêrneist alles oan wat er nedich hat om troch de tiid te kommen.
Berne: 11-07-1947, Warten
Piter Ymkes Josef Boersma is berne op 11 july 1947 yn Warten. Hy folge de rooms-katolike ûnderwizersoplieding yn Stienwikerwâld en joech dêrnei sân jier les oan de Bonifatius-skoalle yn Ljouwert. Sûnt maaie 1977 makket er diel út fan de wurdboekstêf fan de Fryske Akademy. Hy ferfolge de stúdzje en helle de middelbere akten Frysk A en B.
Berne: 10 juny 1949, Koehoal
Neeltsje Bonnema is berne op 10 juny 1949 op Koehoal. Dêr, tichteby de seedyk yn it noardwesten fan Fryslân, is se ek opgroeid. Se hat neidat se de kappersfakskoalle ôfmakke hie inkelde jierren wurke as kapster, mar omdat se in sterke driuw hie nei mear kennis, lange jierren alderhande ferskillende opliedingen en kursussen folge. Ien dêrfan wie in stúdzje Frysk, se hat de Fryske akte helle en dêrnei tweintich jier kursussen Frysk foar de Afûk fersoarge. Bonnema wurket no yn in boekhannel te Frjentsjer.
Berne: 04-08-1945, De Rottefalle
Joop Boomsma waard krekt nei de oarloch, op 4 augustus 1945, berne te Rottevalle. Doe't er fjouwer jier wie ferhuze de famylje Boomsma nei Surhústerfean. Dêr, yn de Wâlden, is Joop opgroeid en hat er op skoalle sitten. Al op de legere skoalle wist Joop Boomsma dat er letter ûnderwizer wurde woe, dêryn ynspirearre troch syn grutte foarbyld, master Lourens van der Leij, dêr't er in pear jier by yn de klasse sitten hie.
Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert
Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert
tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777
email: sirkwy@sirkwy.nl
webside: www.tresoar.nl