Berne: 7-3-1907, Nyegea
FerSTOARN: 9-6-1943, Leens

Libben en wurk

Yke Reinders Boarnstra, berne op 7 maart 1907 te Nyegea (Sm.) as iennichste soan fan Reinder Eeltsjes Boonstra en Wytske Ykes Bergsma, brocht syn jonge jierren troch yn Suwâld. Syn heit ferstoar doe’t hy in lyts jonkje wie, syn mem gyng doe werom nei Suwâld dêr’t har âlden noch wennen. Yke hat syn bernejierren trochbrocht yn it hûs fan pake en beppe.

Lês mear...

Berne: 15-03-1944, Snits

Libben en wurk

Pier Boorsma is op 15 maart 1944 berne te Snits. Doe't er njoggen jier wie, ferfear er nei Ljouwert. Hy fielde him net thús yn 'e stêd, op syn tweintichste gyng er nei Amsterdam om dêr psychology te studearjen. Neidat er syn kandidaats helle hie gyng er fierder mei de stúdzje filosofy. Dy stúdzje hat er net ôfmakke, hy krige wurk as psychologysk assistent en skoalbegelieder by it leger beropsûnderwiis.

Lês mear...

Berne: 03-12-1964, Meppel

Libben en wurk

Sjieuwe Borger is berne yn Meppel en opgroeid yn Grou. Nei de middelbere skoalle studearre er fan 1983 oant 1989 rjochten oan de universiteit fan Grins. Ferhalen skriuwe die Sjieuwe Borger al doe’t er noch op de legere skoalle siet. Hy hat altiten serieuze aspiraasjes yn de rjochting fan in skriuwerskip hân, mar hy fûn de wurden en de rêst pas let.

Lês mear...