Berne: 11-02-1989, Drachten

Libben en wurk

Sigrid Kingma is bekend wurden om har foardrachten, gedichten en oare aktiviteiten yn it literêre fjild. Se wie krekt begûn mei har stúdzje Nederlânsk doe’t by har leukemy fêststeld waard. Nei in yntinsive behanneling waard se nei in healjier foar genêzen ferklearre. Nei dy perioade pakte se har stúdzje Neerlandistyk wer op. Dêrby die se ek in stúdzje Frysk en waard se foarsitter fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu. Se begûn gedichten en poëzyresinsjes foar literêr tydskrift Ensafh te skriuwen.

Lês mear...