Berne: 06-05-1944, Noordwijk(ZH)

Libben en wurk

Riemkje Pitstra is berne op 6 maaie 1944 te Noardwyk (Súd-Hollân). Se groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.

Lês mear...

Berne:14-09-1901, Bitgum
Ferstoarn: 14-12-1989, Assen

 

Libben en wurk

Jan Hessels van der Ploeg waard berne op 14 septimber 1901 te Bitgum as soan fan in boerearbeider. Trochleare wolle betsjutte foar in arbeidersjonge doedestiids ornaris: besykje skoalmaster te wurden. Doe’t Jan van der Ploeg 13 jier wie, joech syn Bitgumer skoallehaad him dêrom wat bijles.

Lês mear...